Lân- en bedriuwsoerdracht

It oerdragen fan in agrarysk bedriuw, of de ferdieling fan lân, moat goed regele wurde. Hoewol't it boerebedriuw faak yn in maatskip fan heit en soan (of dochter) rund wurdt, binne der by de definitive bedriuwsoername, of by ferstjerren, in soad juridyske en fiskale saken dy't ôfdutsen wurde moatte.

Jo agrarysk bedriuw oernimme litte?
By in (boerre)bedriuwsoername hawwe jo in soad baat by in notarieel agrarysk spesjalist oan jo side. MOOK de Notaris biedt dy ekspertize. Wy hawwe jierrenlange ûnderfining mei it oernimmen fan agraryske bedriuwen en kenne alle ins and outs fan it oerdragen fan pleats en lân. Ús spesjalisten Tineke Castelein en Sigrid Kuikman fertelle jo der graach mear oer. Nim kontakt mei ús op foar mear ynformaasje of it meitsjen fan in ôfspraak. Sa kinne jo mei in gerêst hert jo bedriuw oerdrage.

Oaren oer Mook

“In onze situatie heeft het kadaster een erfgrens aangepast na het passeren van de akte.Dit hadden ze nog nooit meegemaakt maar wel correct afgehandeld.”

- Ralf