Keapoerienkomst

De oan- en ferkeap fan in wenning wurdt faak begelaat troch in makelder. Yn dat gefal wurde (foarriedige) keapoerienkomsten troch him opsteld. Ferkeapje jo sels jo wenning, of wikselet de wenning fan eigner yn famyljerûnte, dan moatte jo sels soargje foar in keapoerienkomst, ek wol keapkontrakt neamd.

Wêrom haw ik in keapkontrakt nedich?
It keapkontrakt is de basis foar de oerdracht fan de wenning. Mar ek foar bedriuwsgebouwen en stikken grien. Yn it kontrakt stiet neist de keapsom ûnder oaren fermeld wat de oerdrachtsdatum is, wat de ûntbinende betingsten binne en hoe't omgien wurdt mei beswierjende bepalings lykas bygelyks hiemtsjinstberheden en erfpacht. Wat fierder yn it keapkontrakt opnaam wurdt, is ôfhinklik fan de ôfspraken tusken ferkeaper en keaper. In keapkontrakt is wichtich, om't dêrmei de ôfspraak fêstlein wurdt. In mûnlinge tasizzing by de ferkeap fan in wenning is net foldwaande.

Keapkontrakt opstelle litte troch MOOK de Notaris
Wy helpe jo graach by it opstellen fan in korrekt en dúdlik keapkontrakt. Nim kontakt mei ús op foar it trochnimmen fan alle mooglikheden.

Oaren oer Mook

“Goed en plezierig gesprek gehad met de notaris. De belangrijke punten uit de akte van levering en hypotheek akte zijn tot in detail uitgelegd. Ook de voorbereiding door een collega was keurig geregeld.”

- R. Deelstra

“Myn sus Nynke en ik binne jimme och sa tankber foar alle help die't jimme ús jûn hawwe mei it hommels ferstjerren fan ús heit en koart dernei ús mem. Sûnder jimme help wiene wy net by machte west om yn disse emosjonele situaasje de holle derby te hâlden.”

- Aaltje van der Velde