Hypoteken

Gjin nij hûs, wol in feroaring fan de bank, de liening en/of fan de hypoteek? Ek dan moatte jo nei de notaris.

Hypoteekakte? Altyd by de notaris lâns 
By it oersluten, ôflossen fan jo rinnende hypoteek en/ of it oangean fan in nije hypoteek wurdt jo situaasje op 'e nij besjoen troch de bank of oare jildjouwers. By akkoart foar in wiziging fan de liening of hypoteek wurdt ek in nije hypoteekakte opsteld. Dy akte passearret, krekt as de earste hypoteekakte by levering fan jo wenning, by de notaris.

Ûnôfhinklik en ûnpartidich
It is wetlik fêstlein dat allinnich de notaris in hypoteekakte opstelle mei. Wy binne ûnôfhinklik en ûnpartidich en wy kontrolearje oft alle stappen goed útfierd binne. Wy hawwe ek de ferantwurdlikheid foar it finansjele part fan it trajekt. Wy kontrolearje hokker hypoteek der op jo wenning sit, soargje foar de ôflossing fan jo âlde liening, kontrolearje faktueren en soargje dat de bedraggen op de goede rekken fan alle partijen bedarje.

Slute jo jo hypoteek oer? Meitsje dan in ôfspraak foar it passearjen fan de hypoteekakte by MOOK de Notaris.

Oaren oer Mook

“Een goed gesprek gehad. De notaris nam de tijd om dingen tot in detail uit te leggen en zorgde ervoor dat ik op mijn gemak was. Ik ben uitstekend geholpen!”

- E.Postma