Hiemtsjinstberheid

In hiemtsjinstberheid is it rjocht om gebrûk te meitsjen fan in stik grûn, ek al binne jo net sels de eigner. In foarbyld is it rjocht fan paad. By rjocht fan paad hawwe jo it rjocht om oer (in part fan) in oar syn perseel te rinnen, of sy by jo. Boarne & mear ynformaasje: Kadaster oer hiemtsjinstberheid

Foarmen fan hiemtsjinstberheid
Der binne meardere foarmen fan hiemtsjinstberheid, tink ek oan needsaaklik ôfwetterjen fia in twadde perseel of it dielen fan in nutsfoarsjenningsoansluting. By hiemtsjinstberheid binne der altyd op syn minst twa perselen en twa eigners. It is ferstannich om ôfspraken oer it gebrûk fan elkoars perseel fêst te lizzen yn in notariële akte.

Hiemtsjinsteberheid fêstlizze by MOOK de Notaris
Wannear't jo te krijen hawwe mei in foarm fan hiemtsjinstberheid, dan hearre jo dat fan de ferkeaper, ferhierder of de makelder. De notaris kontrolearret dat ek allegear. It offisjeel fêstlizzen fan hiemtsjinstberheid kin ienfâldich by it leverjen fan de wenning. Nim kontakt mei ús op foar mear ynformaasje of it meitsjen fan in ôfspraak.

Oaren oer Mook

“Zeer duidelijk en open, geeft goed advies en heeft zeker verstand van alle zaken. Ik ben erg tevreden met mijn ervaring en raad Mook de notaris zeker aan aan mijn omgeving. Zal ook zeker terug gaan naar deze notaris mocht ik nog eens een notaris nodig hebben.”

- J.Dijkstra