Gearlibbingskontrakt

Gearlibje? Stel dan in gearlibbingskontrakt op. Dêr kinne jo ôfspraken mei-inoar yn fêstlizze en problemen yn de takomst tefoaren komme, en boppedat yn de beneaming komme foar tal fan finansjeel oantreklike fasiliteiten. In gearlibbingskontrakt lizze jo fêst by de notaris.

Is in gearlibbingskontrakt ferplichte?
In gearlibbingskontrakt is net ferplichte. It is foaral tige handich om in kontrakt te hawwen, sadat jo witte wat de rjochten en plichten fan jo en jo partner binne. Jo kinne fêstlizze wat fan wa is en mei in gearlibbingskontrakt kinne jo in protte belesting besparje en pensjoen feilich stelle.

Wêrom is in gearlibbingskontrakt handich?
Wannear't de relaasje ferbrutsen wurdt, is it praktysk om fêstlein te hawwen wat elk syn ynbring wie by it gearlibjen. Sa kinne beide partijen weromgripe op wat earder ôfpraat is oer de ferdieling. Mochten de emoasjes justjes heech oprûn wêze, dan is in gearlibbingskontrakt in stevich anker yn de ferdieling. Partijen as de Belestingtsjinst en pensjoenynstânsjes sjogge gearlibjenden (meastal) allinnich as sadanich as sy in gearlibbingskontrakt hawwe. Mocht ien fan beiden komme te ferstjerren, dan kinne jo mei in kontrakt soargje dat de langstlibjende partner in neibesteandepensjoen krijt. Dy partner mei dêrneist goed € 600.000 belestingfrij fan jo ervje, yn stee fan mar goed € 2.000..

Gearlibbingskontrakt opstelle by MOOK de Notaris
Wannear't we in gearlibbingskontrakt opstelle, dan komme jo earst del foar in ynventarisaasje fan alle winsken en saken. It is handich om foarôf in listje te meitsjen mei wichtige oerwagings en besittingen. Nei de ynventarisaasje meitsje wy in konsept fan it gearlibbingskontrakt op. Nei goedkarring fan it konsept komme jo del foar it ûndertekenjen fan it gearlibbingskontrakt. Wy lizze jo alle ûnderdielen fan it gearlibbingskontrakt helder út, sadat jo krekt witte wêr't jo foar tekenje. Jo krije boppedat in ekstra ôfskrift fan it kontrakt mei foar jo pensjoenmaatskippij. Nim kontakt mei ús op foar it meitsjen fan in ôfspraak of mear ynformaasje oer in gearlibbingskontrakt.

Oaren oer Mook

“Zeer tevreden over MOOK de Notaris!”

- Riemke Holthuis-Beerda