Erfgenamt

It is de fraach oft jo mei it krijen fan in erfenis altyd bliid wêze moatte, want it kin ek hiel wat minder posityf útpakke. In erfgenamt is nammentlik ek oanspraaklik foar alle skulden fan de ferstoarne. As der mear skulden as besittingen binne, dan hawwe jo dus in grut probleem. Dat probleem kin lykwols hielendal of foar in part foarkommen wurde. As erfgenamt kinne jo nammentlik altyd noch kieze oft en hoe't jo oanfurdigje wolle.

Ferklearring fan erfrjocht
De notaris wurdt yn de measte gefallen troch ien of mear erfgenamten frege om in ferklearring fan erfrjocht op te stellen. Mei de ferklearring fan erfrjocht kinne jo oer de bankrekken(s) fan de ferstoarne beskikke. Yn de ferklearring fan erfrjocht stiet ûnder mear wa't de erfgenamten binne. Alle erfgenamten krije fan de notaris in brief mei it fersyk oan te jaan hokker kar se meitsje wolle. Wizânsje is dat de erfgenamten dêrneist oan ien fan harren of oan in tredde in folmacht jouwe om ien en oar ôf te hanneljen.

In kar meitsje
Oant trije moanne nei de stjerdatum hoege jo yn prinsipe noch net te kiezen. Dêrnei moatte jo kieze oft en hoe't jo de erfenis oanfurdigje wolle: suver oanfurdigje, benefisjêr oanfurdigje of fersmite.

Suver oanfurdigje
By suver oanfurdigjen nimme jo it erfdiel sa't it komt. Mei alle plussen en minnen dy't dêrby hearre. Binne der skulden fan de ferstoarne, dan sille de skuldeaskers de erfgenamten oansprekke.

Benefisjêr oanfurdigje
As jo de neilittenskip net samar suver oanfurdigje wolle, mar in slach om de earm hâlde wolle, dan is benfisjêre oanfurdiging de oanwiisde wei. Binne der mear skulden as tegoeden, dan hoege jo it tekoart net oan te foljen út jo eigen fermogen. Yn guon gefallen is benefisjêre oanfurdiging ferplichte. Bygelyks by minderjierrige bern of minsken dy't ûnder bewâld steld binne.

Fersmite
As de benefisjêre oanfurdiging jo net fier genôch giet, dan kinne jo de erfenis fersmite. Troch it fersmiten wurde jo achte nea erfgenamt west te hawwen. Der kin lykwols in grouwe njirre ûnder it gers sitte. Fia it saneamd plakferfoljen kinne bern fan dejinge dy't fersmiten hat, ervje yn stee fan de âlder dy't fersmyt. Is it probleem by de âlder oplost troch fersmiten, dan kin it hiele sirkus wer op 'e nij begjinne by syn of har bern.

Rjochter
Sawol benefisjêr oanfurdigjen of fersmiten moat regele wurde by de Rjochtbank. Jo hoege jo ferklearring net sels ôf te lizzen. MOOK de Notaris kin alles foar jo regelje. Mei it each op de soms fiergeande gefolgen foar erfgenamten, is it ferstannich om earst wiidweidich advys te freegjen oan MOOK de Notaris.

Mear witte oer it fersmiten fan erfrjocht?
Wolle jo mear ynformaasje oer it ôfhanneljen fan neilittenskip of it fersmiten fan erfrjocht? Nim kontakt mei ús op.

Oaren oer Mook

“Deskundigheid, klantvriendelijkheid en vooral het meedenken van van Margriet sprak ons erg aan. Een kandidaat-notaris die een dikke pluim verdiend. ”

- Fam. R. de Haan