Stichting of feriening

Nederlân is in lân fan stichtingen en ferienings. It ferskil tusken beide is dat in stichting gjin leden hat, allinnich in bestjoer en gjin winsteachmerk. De measte goede doelen binne stichtingen. Ferienings hawwe wol leden. Dy leden diele faak in sport, hobby, leauwe of politike foarkar.

Stichting oprjochtsje? By de notaris lâns!
In stichting hat altyd in ideëel of sosjaal doel. In stichting kinne jo allinnich oprjochtsje mei in notariële akte of by testamint. De stichting is in rjochtspersoan. Dat betsjut dat de stichting folslein rjochtsfoech hat en sels rjochten en plichten draacht. De notaris stelt in oprjochtingsakte op (wetlik ferplichte), dêr't we it karbrief yn opnimme fan jo stichting. Yn it karbrief stiet op syn minst:

  • de namme fan de stichting, it wurd stichting is in fêst ûnderdiel fan de namme;
  • de gemeente dêr't de stichting fêstige is;
  • it doel fan de stichting;
  • de wize fan beneamen en ûntslach fan bestjoerders;
  • de bestimming fan it saldo by ûntbining (of hoe't de bestimming fêststeld wurde moat).

Feriening oprjochtsje? Kies jo rjochtsfoech.
By it oprjochtsjen fan in feriening moatte der op syn minst twa oprjochters wêze. It oprjochtsjen kin fia in mûnlinge ôfspraak of fia in troch jo sels op te meitsjen akte. Yn dy gefallen hoege jo net by de notaris lâns. Wolle jo in feriening oprjochtsje mei in folslein rjochtsfoech? Dan moat de oprjochtingsakte ynskreaun wurde by de notaris. By folslein rjochtsfoech wurdt de feriening sjoen as rjochtspersoan, wêrby't de feriening sels oanspraaklik is en net de bestjoersleden. Dat makket it boppedat mooglik om bygelyks registergoed (lykas in kantine of ferieningsgebou) oan te keapjen, in liening oan te gean of erfgenamt te wêzen. 

MOOK de Notaris: jo spesjalist by it oprjochtsjen fan in stichting of feriening
Nim kontakt mei ús op as jo in stichting, of in feriening mei folslein rjochtsfoech oprjochtsje wolle. Wy jouwe jo dúdlike ynformaasje en helpe jo fan a oant z.

 



Oaren oer Mook

“Deskundigheid, klantvriendelijkheid en vooral het meedenken van van Margriet sprak ons erg aan. Een kandidaat-notaris die een dikke pluim verdiend. ”

- Fam. R. de Haan