Karbriefwiziging

De oandielhâlder fan in BV en it bestjoer fan in stichting of feriening kinne beslute om it karbrief te wizigjen. Fansels mei soks allinnich as it rjocht om it karbrief te wizigjen troch it bestjoer fêstlein is yn datselde karbrief. Karbriefwizigingen moatte alle kearen fêstlein wurde by de notaris. Wy soargje der ek foar dat it oandielhâldersregister bywurke wurdt en dat wizigingen byskreaun wurde yn it hannelsregister fan de Keamer fan Keaphannel.

Foar it ôfstimpeljen fan oandielen yn in BV (bysûndere karbriefwiziging) jilde spesjale regels. Wy nimme jo dat regelwurk graach út hannen, faak yn gearwurking mei jo akkountant.

Karbriefwiziging trochfiere litte? Belje MOOK de Notaris.
Wy ynformearje en helpe jo by it wizigjen fan jo karbrief. Alles direkt en helder regele fia ús kantoar. Nim kontakt op foar mear ynformaasje oer in karbriefwiziging.

Oaren oer Mook

“Myn sus Nynke en ik binne jimme och sa tankber foar alle help die't jimme ús jûn hawwe mei it hommels ferstjerren fan ús heit en koart dernei ús mem. Sûnder jimme help wiene wy net by machte west om yn disse emosjonele situaasje de holle derby te hâlden.”

- Aaltje van der Velde